Schoolstraat 29B - 9285 NE Buitenpost - T: 0511 - 541253
Frans Duits Engels Fries home

23
Feb

De Kruidhof in de Friese Wikipedy

Friesland heeft een eigen Wikipedia... en De Kruidhof en het IJstijdenmuseum staan er in

Hieronder de tekst over De Kruidhof en het IJstijdenmuseum in Wikipedy, met excuses voor de niet Fries lezende bezoekers:
yn it Frysk:

Botanyske Tún De Kruidhof

Botanyske Tún De Kruidhof is in krûdetún yn Bûtenpost. Meiïnoar waakse der rom 2.000 plantesoarten op 3,5 hektare grûn. De tún is opdield yn 17 tematunen, wêrûnder de 'Genêskrûdentún' sa’n 40 genêskrûden yndield nei gebrûk en tapassing. De yndieling bart troch professor van Os dy't ferneamd wurdt yn binnen- en bûtenlân.

· Fruithôf - sa’n 100 âlde en nije fruitrassen
· Midsieuske Kleastertún - basearre op dekreten fan Karel de Grutte.
· Kokenkrûden
· Flintertún
· Alde kultuergewaaksen

Skiednis
Yn 1930 wurdt begûn mei in proeftún foar grienten en fruit. Letter rjochtet de proeftún har mear op it kweken fan krûden. Yn de jierren santich nimt de gemeente Achtkarspelen De Kruidhof oer. De tún wurdt dan mear rjochte op de toeristyske funksje. It tal tematunen wurdt dan ek útwreide. Sûnt 2000 is Botanyske Tún Fryslân De Kruidhof registrearre as erkend museum.

Ferskaat

· Op it terrein sit ek it iistidenmuseum.
· Yn de ferkeaptún steane in grut tal fêste planten ferkocht dy't ek op it terrein te finen binne.
· Yn it winkeltsje en it restaurant wurkje ferstanlik beheinden fan kliïnten fan Talant.

It Iistidemuseum

In tal argeologen mei samlingen swerfstiennen en prehistoaryske foarwerpen joegen nei de ieuwikseling de oanset foar it museum. Ein 2005 kaam der in gebou oan de Skoalstrjitte. Der is in edukative ôfdieling en der wurde lêzings hâlden. Op 4 april 2008 waard it Argeologysk Stipepunt yn it museum iepene.

Yn it museum is te sjen hoe't yn de iistiden swerfstiennen nei Noard-Nederlân komd binne. Ien fan de grutste stiennen is dy fan 80 ton út Drinte.

De skiednis jout in byld fan de prehistoarje (14.000 jier lyn) oant no. Yn de swerfstiennen sitte by tiden fraaie kristallen en fossilen. Ek de pingoruïnes krije omtinken.

Nieuws

RSS
16
Jan

De Kruidhof dicht tot 7 april 2012

Na de Oogstdag van 8 oktober Lees verder

#dekruidhof tweets

Bookmark and Share