Frysk
IepeningstidenFan begjin april oant en mei heal oktober
Tiisdei o/m saterje fan 10.00-17.00 oere
Snein fan 12.00-17.00 oere
Moandei sluten, m.ú.f. Peaskemoandei en Pinkstermoandei
Prizen
Folwoeksenen € 4,50
bern 0-4 jier fergees
bern 5-12 jier € 2,00
65+ / groepen > 15 persoanen € 3,25
gids € 15,00
gids foar groepen > 15 persoanen € 1,00 it persoan
Rûnliedings mei gids (op ôfspraak)
Specialistendagen
Workshops en lêzingen
Berne-aktiviteiten
'It Winkeltsje' foar moaie kadeauartikels
Túncafé De Uithof mei terras foar kofje / thee en lunch
Ferkeaptún mei in grutte kar oan ferskate soarten planten
Ferwen jo sintugen yn ‘e tunen fan De Kruidhof
In kuier troch De Kruidhof bringt jo bylâns 17 thematunen, elk mei syn eigen plantekolleksjes en bysûnderheden. Yn totaal waakse der rom 2.000 plantesoarten op 3,5 ha grûn. Der binne yn de tunen rekreative, ynformative en edukative saken. In lytse greep út ‘e fariaasje fan tunen yn ‘De Kruidhof’: de genêskrûdentún mei sa’n 40 genêskrûden yndield nei gebrûk en tapassing. de Fruithôf mei sa’n 100 âlde en nije fruitrassen en de Mid-ieuske Kleastertún, basearre op de dekreten fan Karel de Grutte.
Histoarje
De skiednis van Botanyske tún De Kruidhof begjint yn 1930 as útein set wurdt mei in proeftún foar grienten en fruit. Letter rjochtet de proeftún har hieltyd mear op it kweken fan krûden. De genêskrûdetún wurdt yndield troch professor van Os en wurdt ferneamd yn binnen- en bûtenlân.
Yn ‘e jierren santich nimt de gemeente Achtkarspelen De Kruidhof oer en rjochtet men har mear op ‘e toeristyske funksje fan ‘e tún. It tal thematunen wurdt dan ek útwreide. Botanyske Tún Fryslân De Kruidhof waard yn 2000 registrearre as erkend museum en is sûnt dy tiid ek lid fan ‘e Nederlandse Vereniging van Botanische Tuinen.
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei De Kruidhof.





